Fryslân DOK fan 9 april 2013

Fryslân DOK: Jopie

In hiel soad minsken binne bekend mei de skilderijen dy't Jopie Huisman makke hat. Fryslân DOK komt mei in dokumintêre oer dy Fryske autodidakte masterskilder. De fan oarsprong Warkumer skilder waard pas echt nasjonaal ferneamd doe't er yn Hjerbeam wenne. Mar doe riisde syn stjer ek fluch fierder, omdat it ferhaal efter de skilder en syn keunst sa moai wie.

Huisman wie in fodde- en âldizerboer dy't de rommel, dy't yn syn skuorre hingjen bleau, sa krekt skilderje koe dat it hast in foto like. Gjin blommen, moaie froulju of maaitiidsbylden, mar âlde jassen, skuon en breiden guod; it leafst gâns fertutearze. It libben fan de minsken dy't it oan hân hiene moast der út ôflêzen wurde kinne, sa wie it útgongspunt fan Jopie Huisman.

Yn 1992 waard der in nij en grutter museum yn Warkum iepene, spesjaal boud foar it wurk fan Huisman. Hy ferstoar yn 2000. Der binne in soad bylden en ynterviews mei him bewarre bleaun. Fryslân DOK stjoerde twa minsken sûnder ‘Jopie-kennis’ en sûnder dat sy ea skilderijen fan him sjoen hiene nei it Jopie Huisman Museum. De antwurden op harren fragen wurde yn de dokumintêre jûn troch Jopie sels fan it ferline út en troch syn soan Pepy yn dizze tiid.

Tiisdei 9 april om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 13 april om 10:30 oere en snein 14 april om 15:30 oere .

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)