Fryslân DOK fan 8 novimber 2015 17:00

Irolt
It album ‘De Gudrun Sêge’ fan de Fryske groep Irolt wie in revolúsje foar de Fryske folkmuzyk. De groep berikte in legindaryske status. Irolt, mei frontman Nanne Kalma en sjongeres Inez Timmer, hold yn 1987 op te bestean. Se makken yn totaal sân platen. Mar dit jier binne sy efkes werom mei in rige reüny konserten.

De muzyk fan Irolt leit goed yn it gehoar, mar is gauris kompleks troch de ierdske en literêre teksten.
De ynstrumintaasje fan de muzyk is altyd akoestysk. Om’t it dit jier fjirtich jier lyn is dat it album ‘De Gudrun Sêge’ útkaam hat Irolt besletten in rige reüny konserten te jaan. Sân muzikanten sjonge en spylje mei in besieling oft der gjin tiid foarby gongen is. In feest fan werkenning of in nije moeting mei sân kanonnen fan de Fryske folk.

It publyk yn de tinte fan it Skimerjûnfestival yn Nij Beets kin alle âlde nûmers meisjonge. Mar Irolt komt ek mei twa nije nûmers. Foar ien fan dy nûmers, ‘Ik wit it noch’, is der spesjaal omtinken yn dizze Fryslân DOK. En fan it nûmer ‘De Bûzehappert’ komt meikoarten in cover út fan Plunder, in band fan de Ljouwerter popakademy.

Fryslân DOK: Irolt
Snein 8 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 7 novimber om 15.40 oere en snein 8 novimber om 12.25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)