Fryslân DOK fan 8 maaie 2016 17:00

Krasse Kanadezen – 70 jier befrijing

Achttjin Kanadeeske feteranen op hege jierren fierden ferline jier maaie de betinking fan santich jier befrijing mei de Friezen. De measten keazen der destiids frijwillich foar om yn Europa mei te striden. Oan Kanadeeske kant foelen goed 42.000 slachtoffers, wêrfan 5.706 yn Nederlân. Wat hat dizze jonge manlju doe beweegd?

Nederlân tanket har frijheid oan de ynset fan dy Kanadeeske manlju. Noch ien kear waarden se op 5 maaie feestlik rûnriden en tajûchheid yn orizjinele legerjeeps. Op it Kanadeeske begraafplak yn Holten stiene se stil by harren kammeraten dy’t de oarloch net oerlibben. Ymposant, hoe’t se dêr harren respekt betsjûgje oan de sneuvele lânslju. Anton Kulchin (91), in Russyske Kanadees, seit: “I loved my military training, but I hate war.”

Dochs prate de manlju net graach, sa liket it, oer de deaden en de striid dy’t santich jier efter harren leit. Leaver hawwe se it oer de lytse ferhalen fan hoop. Oer in frou dy’t harren as soannen yn ‘e hûs naam yn Harns, oer in skuorre dêr’t se slepten yn Easterbierrum en oer in famke dat se thúsbringe woene. De Friezen gripe de kâns mei beide hannen oan om dy ferhalen noch ien kear mei de manlju te dielen en se tank te sizzen.

Fryslân DOK: Krasse Kanadezen – 70 jier befrijing
Snein 8 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 7 maaie om 15.30 oere en snein 8 maaie om 12.55 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)