Fryslân DOK fan 8 jannewaris 2013

  • Johnny de Vries

De lêste kâns

Fuotballer Johnny de Vries (22) út Appelskea spilet op amateurbasis by SC Cambuur. Hy folge de jeugdoplieding by SC Hearrenfean, tekene op syn 18e in kontrakt, mar wist net troch te brekken. In ferhier oan FC Emmen folge en hoewol’t Johnny hiel wat wedstriden spile, ferlear er de wille yn it fuotbal. Ofrûne simmer rûn syn kontrakt ôf en de ein fan syn karriêre drige. Dochs hat Johnny besletten om noch ien kear alles op alles te setten en hy spilet fergees mei by Cambuur om sa in kontrakt te fertsjinjen. Mar dat is dreech. Meastentiids sit er net iens op de reservebank, mar op ‘e tribune. Mar dan kriget Johnny syn lêste kâns. Op 9 novimber rint syn konkurrint tsjin in reade kaart oan en mei dy ien wedstriid net meispylje. Dit is it momint foar Johnny.

Programmamakker Janko Krist folge Johnny in dizze tige wichtige perioade fan syn fuotbalkarriêre. Kin Johnny tsjin de druk en slagget it him om in kontrakt te fertsjinjen? Of spat syn fuotbaldream útinoar?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)