Fryslân DOK fan 8 desimber 2013 17:00

Fryske Himp – In poldermodel, in portret fan Doede de Jong

Doede de Jong fan Appelskea is de ienichste iepenhertige weedkweker yn Nederlân. Ferskate plysje-ynfallen hawwe yntusken laat ta in konservatoar beslach op syn hûs. Dat hinget as in swurd fan Damocles boppe syn holle. Syn - noch hieltyd yllegale - kweekaktiviteiten moatte it Iepenbier Ministearje in stikel yn 'e foet wêze, wylst hy dochs al sa'n twa jier wachtet op in útspraak fan de rjochter oangeande de beskuldigingen. Nettsjinsteande it driigjende ûnheil giet Doede, folslein te goeder trou, mei grutte krêft troch mei syn striid tsjin de hypokrisy fan de hjoeddeistige kannabiswetjouwing. Wetjouwing dy't ymplisearret dat wed wol ferkocht wurde mei, mar net ferboud. Kriminelen krije dêrtroch frij spul: net ien wit eins wêr’t de coffeeshopweed weikomt, ek de plysje net. Of wolle sy it net witte? Foar Doede, oertsjûge kannabispromotor, is en bliuwt dit ûnfertarber. Der moat dochs ien wêze dy't ferantwurde ferboude biologyske weed kweke mei foar de befoarrieding fan de coffeeshops yn Fryslân en dêrbûten? Yn Fryslân DOK in portret fan in striidbere Fries yn in waarm nêst yn Appelskea.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 7 desimber om 10:25 oere en snein 8 desimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)