Fryslân DOK fan 7 septimber 2014 17:00

[Werhelling] Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 20 oktober 2013.

Yn diel 2 reizget Postma nei Skotlân. Hjir binne benammen âlde dakkonstruksjes bewarre bleaun. Arsjitekt Bruce Walker is spesjalist op dit mêd. Om't der yn it Fryske terpegebiet yn de betide midsieuwen amper hout beskikber wie, waarden soms hiele tûke konstruksjes betocht fan stikjes oanspield wrakhout en miskien sels wol fan walvisbonke. Op de Hybriden ûndersiket Daniël Postma ek noch de dakken fan in âlde mûne en in oarspronklik seaddehûs dat no in museum is. Undertusken wrotte de frijwilligers yn waar en wyn troch om de earste rekonstruksje fan in seaddehûs op it Europeeske fêstelân foar de winter ûnder dak te krijen. Dat slagget net, mar ôfrûne simmer wie it gebou klear en nei de feestlike iepening troch deputearre Jannewietske
de Vries iepen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)