Fryslân DOK fan 6 novimber 2016 17:00

Fryslân DOK fan snein 6 novimber

De Ingelsen kenne allegear Shakespeare, alle Dútsers kenne Goethe. Wêrom kenne wy Friezen dan mar amper Gysbert Japicx? De Fryske taal wie yn de 17e iuw op stjerren nei dea. Oant Gysbert Japicx út Boalsert yn it Frysk begûn te dichtsjen. Hy wie sa suksesfol dat hy dêrmei it Frysk fan de ûndergong hoede. 350 jier nei syn dea sjocht Fryslân DOK yn in trijelûk nei wat Gysbert Japicx no krekt foar de Fryske taal betsjutten hat.

Yn de trije ôfleveringen litte wittenskippers, skriuwers en musisy sjen dat elk syn eigen fisy hat op de rol fan Gysbert Japicx. De romantikus hâldt graach it byld oerein fan de skriuwer dy’t dwers tsjin de stream yn gie, dy’t foar it Frysk fjochte wylst syn famylje troffen waard troch de pest. Minsken mei in krityske blik stelle harren fraachtekens by it hieltyd mar krewearjen om Gysbert yn eare te hâlden wylst nimmen syn wurk noch lêst.

Feit is dat Gysbert syn wurk belangryk genôch wie om bewarre te bliuwen yn de wrâldferneamde Bodleian Library yn Oxford. Fryslân DOK wist dêr de orizjinele hanskriften fan Gysbert Japicx foar de kamera te krijen.

Yn ‘Bouwe oan in taal 1’ is Gysbert Japicx syn libbensrin te sjen en wurdt dúdlik hoe’t hy ta syn wurk kaam. Yn ‘Bouwe oan in taal 2’ wurdt djipper yngien op it wurk fan Gysbert en besiket Omrop Fryslân út te finen hoe goed it no eins wie. Gysbert hie ek in muzikale kant, in soad fan syn teksten skreau hy as lietteksten. Yn ‘Bouwe oan in taal 3’ is Omrop Fryslân yn Oxford en wurdt besocht antwurd te krijen op de fraach hoe’t it no fierder moat mei it ikoan fan de Fryske literatuer.

Fryslân DOK: Bouwe oan in taal
Bouwe oan in taal 1: Snein 6 novimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 5 novimber om 15.30 oere en snein 6 novimber om 13.05 oere op NPO 2.

Bouwe oan in taal 2: Snein 13 novimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 12 novimber om 15.30 oere en snein 13 novimber om 13.05 oere op NPO 2.

Bouwe oan in taal 3: Snein 20 novimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 19 novimber om 15.30 oere en snein 20 novimber om 13.05 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)