Fryslân DOK fan 6 novimber 2012

De striid om de Haulerwyksterfeart

Eins is it dizze wike yn Fryslân DOK net ‘it paad werom’, mar ‘de feart werom’. Nammentlik de Haulerwyksterfeart. Haulerwyk en de feart ûntstienen by it turfgraven. Mar dat gie hieltyd eastliker en Haulerwyk bleau lizzen. En bleau sitten mei de feart.

Dat wol sizze, yn 1980 sieten de ûndernimmers, de winkelmannen, der mei. Sy woenen wol 300 meter tichtsmite en wat mear parkearplakken hawwe. Mar doe waard de situaasje hiel eigenaardich. De jongeren, oars altyd gek fan feroarings, woene yn Haulerwyk net feroarje. Sy woenen de moaie feart iepenhâlde. En sa ûntstie der in earlike, mar wol hurde striid oer it iepenhâlden of tichtsmiten fan de feart.

In striid dy't úteinlik beslikke waard yn in stimmerij. De útkomst wie net hiel oertsjûgjend: 165 minsken wiene foar ticht en 156 foar iepen. Ticht wûn, mar Haulerwyk is net it keapsintrum fan it Noarden wurden. En de aksjefierders fan doe wolle dy feart eins noch hieltyd wol wer iepen hawwe.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 10 novimber om 10:25 oere en snein 11 novimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)