Fryslân DOK fan 6 maaie 2012

Keatsers yn 'e oarloch diel 1

‘Keatsers yn ‘e oarloch’ is in dokumintêre fan Fryslân DOK oer it keatsen yn de jierren 1940 oant 1945, dy‘t op Omrop Fryslân en Nederlân 2 yn twa dielen útstjoerd wurdt. Spesjale oandacht is der foar de legindaryske PC-keatspartij fan 1942, dêr’t trije keatsers de besetters provosearren troch yn oranje shirts it keatsfjild op te kommen. De dokumintêre giet ek yn op in tsjustere kant fan it keatsen yn oarlochstiid.

Yn de dokumintêre is in soad omtinken foar dy PC fan 1942. De PC’s yn 1940 en 1941 waarden noch safolle mooglik ûnder de gewoane omstannichheden hâlden. Yn 1942 waard de stimming grimmitiger. Russyske, Britske, Amerikaanske en Joadske muzyk mocht bygelyks net spile wurde. By de yngong hong sels in buordsje: “Verboden voor Joden.” Trije keatsers doarden it yn dy stimming oan om yn in oranje shirt it fjild op te kommen. In provokaasje? In fersetsdied? Of in strategyske masterset om de sympaty fan it publyk te winnen? Jan Rodenhuis, Feite de Jager en Frans Helfrich fielden har optild troch de tribunes en wûnen mei glâns en gloarje.

Hoe’t dy dei belibbe waard, wurdt yn de dokumintêre ferteld troch de no noch libjende mannen fan hast njoggentich jier. Tal fan oare âld-keatsers komme ek oan it wurd.

Yn de dokumintêre giet filmmakker Marijke Jongbloed ek yn op in tsjustere kant fan it keatsen yn oarlochstiid. Cees Roersma, letter in bekende keatssjoernalist, brocht yn 1943 mei syn ferfierbedriuw Joadske pasjinten nei Westerbork. Hy fakturearre it ferfier en in postsegel oan de ferneamde Dútsksinnige polysjesjef Koster. De keatshelden fan doe binne tige fernuvere as sy de rekken fan Roersma sjogge, want Cees Roersma stie bepaald net bekend as Dútsksinnich. Ek is er tsjin de ein fan de oarloch noch ûnderdûkt.

De film ‘Keatsers yn ‘e oarloch’ giet nei de deadebetinking op freed 4 maaie yn premjêre yn De Koornbeurs yn Frjentsjer. Dêrnei is der noch in neipetear ûnder lieding fan Jan van Friesland (haadredakteur Omrop Fryslân), mei Marijke Jongbloed (filmmakker), Johannes Westra (foarsitter PC) en Ate de Jong (meiwurker Tûmba).

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)