Fryslân DOK fan 6 april 2014 17:00

Fryslân DOK fan 6 april 2014 17:00
Spiler wurdt laden
FRLDOK_2014-04-06


De fergetten tunen fan Gerrit Vlaskamp
In tentoanstelling, in boek en in twalûk yn Fryslân DOK

Elke túnleafhawwer hat wolris heard fan Lucas Roodbaard (1782-1851), mar hast nimmen kin syn opfolger Gerrit Vlaskamp (1834-1906). Dizze túnarsjitekt is yn it ferjit rekke, mar okkerdeis ûntdiek auteur Aly van der Mark dat hy 350 tunen en parken oanlein hat yn it noarden fan Nederlân. It Fries Museum, de Afûk en Omrop Fryslân jouwe Vlaskamp no mei-inoar de oandacht dy't er fertsjinnet, mei in tentoanstelling, in boek en in dokumintêre yn twa dielen.

Doe’t sy ûndersyk die foar har boek oer de hofkersfamylje Vlaskamp / Westra waard Aly van der Mark attint makke op it argyf fan beamkwekerij Bosgra (d.d. 1860). Yn moai ynbûne boeken fûn sy ta har ferbjustering 350 bestellisten, dy't ferwiisden nei 350 tunen fan de eartiids ferneamde túnarsjitekt Vlaskamp. In spektakulêre fynst, om't fan Vlaskamp suver neat bekend is. Mei de ûntdekking fan de Bosgra-argiven begûn in wiidweidige syktocht nei de ferjitten tunen fan Gerrit Vlaskamp. Yn opdracht fan Lânskipsbehear Fryslân binne de belangrykste tunen yntusken ynventarisearre troch it Kenniscentrum Landschap fan de Ryksuniversiteit yn Grins.

Fryslân DOK – Diel 1: Fergetten, ferjierre, ferdwûn?
Yn it earste diel fan Fryslân DOK 'De fergetten tunen fan Gerrit Vlaskamp' op snein 6 april folgje wy de ynventarisaasje en syktocht nei it libbenswurk fan Vlaskamp. Vlaskamp wie mei syn tunen en parken gesichtsbepalend foar it noardlike lânskip yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu. Syn tunen wiene passend yn de moade fan dy tiid, wêrby’t tunen en parken ûntwurpen waarden yn de romantyske lânskipsstyl. It wiene echt tunen foar de pronk mei eksoatyske beamsoarten, slingerjende paden, perken en wetterpartijen. Mar wat is der noch oer; binne de tunen fergetten, ferjierre, ferdwûn? Yn Fryslân DOK folgje wy in spannend spoar nei fergetten tunen yn 95 stêden en doarpen yn Fryslân en Grinslân.
Yn diel 2 fan Fryslân DOK op snein 13 april komme de tunen ‘ta nij libben’. Hoe kin dat kulturele, griene erfguod it bêste behâlden wurde foar de takomst?

Tentoanstelling en boek
It Fries Museum set mei de Vlaskamptentoanstelling oan de hân fan tekeningen, foto’s, boeken en ferhalen in portret del fan de Fryske notabele tún- en parkmoade yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu. De útstalling iepenet yn it museumwykein op sneon 5 april en is te besjen oant en mei 14 septimber 2014. By de iepening wurdt ek it boek ‘De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp’ fan de Afûk presintearre. Saakkundige auteurs portrettearje Gerrit Lambertus Vlaskamp (1834-1906): hofker, túnoanlizzer en túnûntwerper. Mear ynformaasje oer de tentoanstelling en it boek is te finen op www.friesmuseum.nl en www.afuk.nl.

Fryslân DOK: De fergetten tunen fan Gerrit Vlaskamp – diel 1
Snein 6 april om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 5 april om 10:25 oere en snein 6 april om 15:25 oere op Nederlân 2.
It dokumintêre twalûk ‘De fergetten tunen fan Gerrit Vlaskamp’ is mei mooglik makke troch it Stimuleringsfonds Creatieve Industrie, de Provinsje Fryslân en it VSBfonds.

top