Fryslân DOK fan 5 maart 2013

Heit op soan diel 2

It is in jierlikse tradysje dy’t Friezen yn it hert rekket: it sykjen nei ljipaaien yn ‘e maitiid. Teaterman Pieter Stellingwerf gie as lyts jonkje alle jierren mei syn heit de fjilden yn om aaien te sykjen. Op folwoeksen leeftiid nimt er it stokje oer fan syn heit en giet de fjilden yn mei syn soan. Fryslân DOK bringt dizze alâlde tradysje yn byld yn in twadielige dokumintêre. Elke maitiid kaam it foar Pieter Stellingwerf yn syn jongesjierren werom; it ljipaaisykjen mei syn heit yn it Fryske greidelân. Boartsjendewei gie de tradysje fan heit op soan. Doe’t Pieter sels folwoeksen waard, ferlear er de belangstelling foar it aaisykjen, omdat de oerheid it tal aaien dat pakt wurde mocht, beheinde ta seistûzen. Dy regeljouwing waard hieltyd stranger.

Op it stjerbêd fan syn heit wurdt Pieter him lykwols bewust fan it ferdwinen fan de tradysje. Hy belooft syn heit dat er de tradysje oerdrage sil oan syn tolvejierrige soan Tjardo. Mar ienris yn it fjild mei syn soan, beseft er dat de natuer fan syn romantyske jeugdjierren yn Fryslân ferlern driget te gean. Past it aaisykjen dêr noch wol yn? ‘Heit op soan’, oerdracht fan in tradysje fan Pieter Stellingwerf, bringt alle aspekten fan it ljipaaisykjen op in natuerlike wize by elkoar, binnen de famylje fan de regisseur sels. It is ynnimlik hoe’t er de parallel beskriuwt tusken it ferstjerren fan syn heit en dat fan it Fryske greidelân, dat sa yn dy man opsluten wie. De rezjy fan dizze dokumintêre wie yn hannen fan Thom Verheul en Pieter Stellingwerf sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)