Fryslân DOK fan 5 jannewaris 2014 17:00

Iqbal Aslam is sosjaal wurker yn de Frijheidswyk yn Ljouwert.

Hy makket diel út fan it wykteam Noord fan de stifting Welzijn Centraal.
Yn syn wurk stipet Iqbal in grut ferskaat oan yndividuen en groepen. Hy mobilisearre multykultureel Ljouwert by it oanbieden fan it bidbook Kulturele Haadstêd 2018 yn Amsterdam.
Syn eftergrûn as Pakistaanske jonge dy’t opgroeide yn it hurde Glasgow fan de jierren 70 en 80 hat him foarme. Sa waard syn heit “unemployable” ferklearre nei't er him ferdigene hie tsjin in groep blanke jonges, dy't him oanfoelen by syn wurk by British Rail.
Iqbal wurdt yn de Skotske haadstêd polityk aktyf yn it ferset tsjin rasisme en mei-organisearret in oerweldigjende grutte demonstraasje tsjin de Poll Tax fan Margaret Thatcher.
By syn komst yn Nederlân ûnderfynt er dat rasisme hjir ek oanwêzich is, mar ynearsten minder útsprutsen. Dochs bliuwt Iqbal posityf en optimistysk oer wat hy berikke kin en wol yn de wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)