Fryslân DOK fan 4 septimber 2012

  • Hillich Fjoer

Hillich Fjoer

Omrop Fryslân stjoert de dokumintêres fan Fryslân Dok tenei op tiisdeis út. Dizze wike de dokumintêre ‘Hillich Fjoer’ oer boukeunstner Gerard Beijn út Achlum. De film is makke troch syn dochter Laura Beijn út Rotterdam. Sy folget har heit by it keunstwurk dat er makket oer Jeanne d’Arc.

Beijn wurke de ôfrûne 10 jier oan dit projekt. It binne tolve grutte skilderijen, elk mei in eigen kleur en ferhaal. Hy wol it projekt ôfmeitsje en de skilderijen tentoanstelle of ferkeapje oan in museum (oant yn Frankryk) of in partikulier, mar dat slagget mar min.

Tagelyk sjogge wy hoe’t er dwaande is de skilderijen te ferklankjen yn muzyk. Yn gearwurking mei komponist Leonard Evers ûntstiet sa ûnferwacht in nijsgjirrich muzykstik op ‘e grins fan jazz en klassike muzyk.

Mar de dokumintêre ‘Hillich Fjoer’ giet benammen ek oer it ferbyldzjen fan de striid dy’t it keunstnerskip yn wêzen is. Om’t dat fan hiel tichtby dien wurdt troch syn dochter leveret it portret oer Gerard Beijn bysûndere fragminten op.

Lykas it momint dat Laura har ôffreget oft har heit no geniaal is of gek as sy konstatearret dat net ien it wurk dat har heit makket hawwe wol. De dokumintêre ‘Hillich Fjoer’ is ek útkeazen foar fertoaning op it Filmfestival fan Utrecht, ein septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)