Fryslân DOK fan 4 juny 2013

Arme Visschers, it fergetten liet fan de fiskersramp

Begjin maart 1883 krijt op de Waadsee ien fan de grutste rampen út de Fryske skiednis syn beslach. De fiskersfloat fan Peazens en Moddergat, dy’t twongen troch earmoede en skulden te betiid foar de tiid fan it jier útsyld is, wurdt ferrast troch in fûle stoarm en fergiet. Goed tachtich mannen en jonges út de lytse Fryske kustdoarpen komme om yn it iiskâlde wetter.

De ramp hat in enoarm effekt op de lytse doarpen. Goed fyftich gesinnen misse harren heiten, bruorren, of soannen en de earmoede is grut sûnder kostwinners. Yn de wiken nei de ramp wurde oeral inisjativen opstart om jild yn te sammeljen foar de ynwenners. Mar hiel wat fan it ynsammele jild bliuwt oan ‘e strykstôk hingjen. Dokumintêremakker Johann de Graaf ûntdekt, nei ûndersyk yn de argiven, it bestean fan it spesjaal foar de ramp komponearre liet ‘Arme Visschers’, skreaun troch de ûnbekende musikus Maurice Hageman. Hageman wie yn ‘e tiid fan de fiskersramp dirigint en direkteur fan de muzykskoalle yn Ljouwert.

It liet wurdt ienkear grut útfierd yn Ljouwert, mar leveret sa’n bytsje jild op, dat de musikus de kosten fan it konsert net iens betelje kin. Nettsjinsteande de goede bedoelings ferskynt der gjin sint yn de earmlestige doarpen Peazens-Moddergat, dy’t al sunich dielen fan it ynsammele jild tadiele krije.
De dokumintêremakker frege de bekende Fryske sjonger Gerrit Breteler om mei muzikanten Clara Rullmann en Peter van der Zwaag, it fergetten fiskersliet – op ien dei nei – eksakt 130 jier nei de oarspronklike útfiering opnij út te fieren. No yn Peazens-Moddergat, de doarpen wêrfoar’t de missy fan Maurice Hageman sa jammerlik mislearre. Dêrmei kriget it muzykstik in terjochte plak yn de dramatyske skiednis fan Peazens-Moddergat.

Tiisdei 4 juny om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 8 juny om 10:30 oere en snein 9 juny om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)