Fryslân DOK fan 4 desimber 2016 17:00

Fryslân DOK: De nacht fan Moddergat

Moddergat is in âld fiskersdoarp oan de Fryske Waadkust. Yn de Nacht fan de Nacht op 29 oktober rinne paken en beppen, âlden en bern mei fakkels de kwelder op om inoar oerlevere grizelferhalen te fertellen. De ynwenners fan Moddergat wenje op ien fan de tsjusterste plakken yn Nederlân en it spûket der echt; sa wurdt sein.

In pear kilometer út de kust, in lyts stikje mear nei it westen, koerst in sylskip rjochting Skylge mei sawat 15 man oan board. Se sykje in plak om foar anker te gean en wolle by leechwetter, as it skip drûchfallen is, waadrinne. Under in mânske stjerrehimel, taastend dwale yn it neat, foarsichtich harkjend nei de stilte dy’t him tusken in inkeld lûd befynt.

Fiif muzikanten bûge harren oer it muzykstik ‘Skaad oer it Waad’, in suite fan komponist Herman Peanstra wêryn’t hy it nachtlike oere yn syn riedseleftige moaiens besiket te fangen en dêrmei in stim te jaan.

Op 29 oktober tekenen Waadkustgemeenten in yntinsjeferklearring foar in Dark Sky-status fan it kustgebiet. Nederlân heart by de lannen mei de measte ljochtfersmoarging yn ‘e wrâld. It Waadgebiet is ien fan de pear plakken yn ús lân dêr’t it noch echt tsjuster wurdt, mei de minste ljochtfersmoarging en de helderste stjerrehimel.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)