Fryslân DOK fan 31 maaie 2015 17:00

Dreamen en Twifels

Marike van Dijk (1982) is hikke en tein yn it lytse doarpke Wikel yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Mei in heit dy’t Olympysk reedrider wie (Jappie van Dijk) sit it trochsetten har yn it bloed. It earste kontakt dat Marike mei de saksofoan hie, wie doe’t se 11 jier âld wie. Doe koe se har noch net yntinke dat se 22 jier letter as profesjoneel komponiste en saksofoniste yn New York libje soe.

Op snein 5 april fan dit jier presintearre se har nije cd yn Shapeshifterlab yn New York. Mei in 11-koppige band hat se har eigen komposysjes opnaam ûnder de namme The Stereography Project. Mei har nije album feroveret Marike in folslein eigen plak yn de ynternasjonale jazzscene.

Yn Fryslân DOK folget programmamakker Halbe Piter Claus dit Fryske talint yn de oanrin nei har release party yn New York. Hoe is it libben as saksofoniste yn Amearika en bringe har dreamen ek twifels mei har mei?

Fryslân DOK: Dreamen en Twifels
Snein 31 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 30 maaie om 15.35 oere en snein 31 maaie om 12.20 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)