Fryslân DOK fan 31 july 2016 17:00

Tryater 50

Tryater is it âldste teaterselskip fan Nederlân. Dit jier fiere se harren fyftichjierrich bestean. Mei foarstellings dy't troch de hiele provinsje (Fryslân) en op Oerol spile wurde, is Tryater net mear fuort te tinken út it kulturele lânskip. Mar fjouwer jier lyn hong harren fuortbestean oan in siden triedsje.

De strukturele lanlike subsydzje drige fjouwer jier lyn ynlutsen te wurden. De Ried foar Kultuer fûn Tryater net fan nasjonaal belang. Dat ha se witten yn Den Haach. Mear as fiifhûndert teaterleafhawwers skreaune in persoanlike brief nei Den Haach. Dat, kombinearre mei in goeie politike lobby, soarge derfoar dat it tij kearde.

De lêste jierren is der wol in protte feroare. It selskip is sterk ferjonge. Ek is de fyzje op it spyljen yn de Fryske taal minder strang as eartiids. Guon minsken moatte der miskien noch wat oan wenne, mar Tryater is klear foar de takomst. In grutte jubileumproduksje giet ein oktober yn premjêre. ‘Grûn’ is skreaun en regissearre troch artistyk lieder Ira Judkovskaja. De foarstelling is in famyljekronyk oer ferlies, fertriet en hoop fan twa famyljes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)