Fryslân DOK fan 31 jannewaris 2013

Oer de grins diel 1

Jokelyn Tienstra (40) is ien fan de bêste keatsters en hânbalkeepsters ea fan ús lân. Sy libbet en wurket mei in harsentumor. Fryslân DOK komt, yn gearwurking mei de Hersenstichting, mei in twalûk oer hânbalster en keatster Jokelyn Tienstra. It earste diel is te sjen op tiisdei 29 jannewaris op Omrop Fryslân Televyzje.

It barde allegear op 29 july 2008 op de sneldyk rjochting it Dútske Emmerich. In tûke frachtweinsjauffeur hannelet tige fluch as er in persoanewein njonken him opmerkt. Ut syn kabine wei sjocht er in jonge frou mei har holle op it stjoer lizzen, wylst it gaspedaal flink yntrape wurdt. Hy rûkt ûnrie. Mei syn enoarme gefaarte giet de trucker skean efter de auto riden en blokkearret sa it oare ferkear. Hy lit de stjoerleaze auto útride, dy’t stadichoan ta stilstân komt. Net folle letter wurdt de dûzelige Jokelyn Tienstra derút tild. De âld-keatster en hânbalster libbet noch, gelokkich. Dat hie ek hiel oars ôfrinne kind, realisearret sy har noch altyd. Yn Fryslân DOK in wiidweidich ynterview mei dizze bysûndere frou.

Diel twa fan it twalûk oer Jokelyn Tienstra is te sjen op 5 febrewaris.

Diel 1: tongersdei 31 jannewaris om 17:15 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Nochris te sjen op sneon 2 febrewaris om 10:20 oere en snein 3 febrewaris om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel 2: tiisdei 5 febrewaris om 17:10 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Nochris te sjen op sneon 9 febrewaris om 10:20 oere en snein 10 febrewaris om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)