Fryslân DOK fan 30 oktober 2016 17:00

125 jier It Houtsjefabryk

It is dit jier 125 jier lyn dat Hidde Halbertsma yn Grou ‘It Houtsjefabryk’ oprjochte. It bedriuw wie fan grutte betsjutting foar de ûntwikkeling fan it doarp. Sneon 29 oktober is der in reüny foar âld-wurknimmers. By it 100-jierrich jubileum fan it famyljebedriuw fan de Halbertsma's makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer de romrofte skiednis fan it bedriuw. Dy film, mei in soad unike histoaryske bylden, wurdt no yn it jubileumwykein nochris útstjoerd.

It begûn allegearre mei it meitsjen fan houten bûterfetten, wêrnei’t it bedriuw stadich útgroeide ta de grutste wurkjouwer fan Fryslân. Doe't de fraach net bûterfetten ynsakke, betocht it neiteam fan Hidde Halbertsma om mei de produksje fan pallets útein te setten. In oar inisjatyf, it meitsjen fan doarren, wie earst net sa'n sukses. Letter bliek it de rêding fan it ympearium.

It fabryk stie letterlik en figuerlik midden yn Grou, dat bekend stie as in read doarp fanwegen de sosjalistyske ynslach. Dat makke dat it bedriuw fan it begjin ôf in tige foarútstribjend personielsbelied fierde. Yn de twadde wrâldoarloch krigen it bedriuw en de eigeners it dreech. Halbertsma, dy't aktyf wie yn it ferset, waard oppakt troch de Dútsers. Mar hy oerlibbe alle tsjinslaggen en sette troch.

Yn de jierren 90 drige it fallisemint. It bedriuw waard yn twaen splitst. Van Vuuren B.V. waard eigener fan de doarrenproduksje en de pallets waarden oernommen troch de Faber Halbertsma Groep. Yn Fryslân DOK in weromsjoch mei âld-wurknimmers en in soad histoaryske bylden út it privee-argyf fan de famylje.

Fryslân DOK: 125 jier It Houtsjefabryk
Snein 30 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)