Fryslân DOK fan 30 novimber 2014 17:00

De FNP, de Fryske Nasjonale Partij, bestiet sûnt 1962.
Fan de oprjochting ôf wie it in aksjepartij, en ien dy't foar opskoar soarge. It gong benammen om de Fryske taal en it rjocht op eigen foech. Oare partijen sochten lykwols ek hieltiten mear de barrikaden op. En stadichoan waard de FNP in gewoane partij. Sa gewoan dat op 14 april 2011 Jehannes Kramer as earste FNP’er lid waard fan Deputearre Steaten.

Fryslân DOK sjocht werom op dizze lêste fjouwer jier. It oantal wethâlderssitten is tanommen. Is de FNP feroare yn in bestjoerderspartij? Der wurdt noch wol mei grutte ynteresse sjoen nei it ûnôfhinklikheidsreferindum yn Skotlân, mar de tiid fan de barrikaden is no wier foarby.

Fryslân DOK: De FNP
Snein 30 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 29 novimber om 10:30 oere en op snein 30 novimber om 15:30 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)