Fryslân DOK fan 3 novimber 2013 17:00

100 jier Coöperatieve Condens Fabriek Friesland.
Fan stakings nei suvelreus FrieslandCampina yn Fryslân DOK

De Coöperatieve Condens Fabriek Friesland, de CCF, bestiet dit jier 100 jier. It flaggeskip fan de Fryske suvelyndustry is in skoalfoarbyld fan de skaalfergrutting dy't yn de ôfrûne ieu syn beslach krigen hat. Yn 1926 telde de provinsje Fryslân 126 fabriken. Op it stuit is de suvelreus FrieslandCampina mei in miljarde-omset de lieder yn de merk, dy't him foaral rjochtet op de eksport. Sa begûn it ek yn 1913, Sietze Hepkema - de doetiidske direkteur - seach goede mooglikheden yn de eksport fan kondinsearre molke nei Ingelân, yn de jierren tritich folgen Noard-Afrika en Nederlâns Ynje.
It tiidrek 1980 oant 1990 wie foar de CCF in krúsjale perioade. Yn it lân wie grutte ûnrêst, ekonomysk gie it net goed. Der wiene yn dy tiid in protte stakings, ek de suvel ûntkaam net oan de maatskiplike ûntwikkelingen. Troch de stakings bleaunen boeren mei de molke sitten en lieten dy yn de sleatten rinne. De arbeiders yn de fabriken en de boeren kamen lyk foarinoar oer te stean. By FNV bestjoerder Dick Heijnen waard in karre mei stront foar de doar delsmiten.
Alle fúzjes liede úteinlik ta de suvelreus FrieslandCampina, en nettsjinsteande de hjoeddeiske krisis groeit de CCF op it stuit. Op de lokaasje oan de Pieter Stuyvesantweg wurdt wurke oan in grutte útwreiding. It produkt is noch altyd molke dy’t kondinsearre wurdt en konsumearre wurde kin yn fiere lannen. In Fryslân DOK in byld fan de 'kondinsfabryk' yn Ljouwert tsjin de eftergrûn fan de maatskiplike ûntwikkelingen.

Snein 3 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje.
Sneon 2 novimber om 10:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)