Fryslân DOK fan 3 july 2016 17:00

It geheim fan de Hollanderwyk

Yn 2015 bestie de Hollanderwyk yn Ljouwert hûndert jier. Midden yn it sintrum fan de stêd, fuort efter it stasjon, is de wyk mei in monumintestatus te finen. De 177 wenningen binne net yn rjochte rychjes boud, mar by krûme strjitten lâns. Yn 1915 wie de wyk gelyk al tige populêr en noch hieltyd binne der lange wachtlisten foar in hûs yn de Hollanderwyk. Omrop Fryslân makke yn 1990 in televyzjeportret oer de wyk. No 25 jier letter socht Fryslân DOK de bewenners wer op.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)