Fryslân DOK fan 3 jannewaris 2016 17:00

Dokumintêre Missy Slagge?

Hoe’t de westerske mins de problemen fan earmoede en ûnfeiligens yn de wrâld tinkt op te lossen is de fraach dy’t sintraal stiet yn Missy Slagge? In dokumintêre fan Anne van Slageren oer it sindingswurk en de missy dêr’t syn heit en de famylje foar nei Kameroen gong.

De Fryske sendingspredikant Jaap van Slageren gong yn 1963 mei syn frou Tinie Oost en harren soan Anne nei it krekt ûnôfhinklike Afrikaanske lân Kameroen ta. De famylje, twa jier letter útwreide mei de dêr berne dochter Krista, bleau der tsien jier. As ‘rike’ blanke bern te midden fan swarte minsken groeiden Anne en Krista op. Missy Slagge? fertelt it ferhaal fan it gesin, it wurk fan heit en de waarme bân dy’t sy ûnderholden mei harren betsjinner Jean Martin.

Jaap van Slageren kaam der efter dat him al in protte misjonarissen foargien wiene en it kristendom net allinnich troch blanken nei Kameroen brocht wie. Hy skreau dêr in boek oer dat bekend wurden is. Syn frou Tinie skreau ek. Wykliks stjoerde sy in brief nei Fryslân oer in lân dat yn it begjin sa fier fan har ôf like te stean. Doe’t sy yn 1989 ûngenêslik siik bliek, ferwurke se de brieven ta in deiboek. No rom fyftich jier letter reizget Anne, histoarikus en filmmakker, mei syn heit en sus nochris werom nei Kameroen. Mei de fraach: wat is de betsjutting west fan harren ferbliuw dêr? Foar de minsken yn Kameroen en foar harrensels.

Oan de ein fan de earste trije jier yn it lân skreau Tinie: ‘’Helpe is in muoilik fak. It is foaral harkje en je eigen wiisheden foar je hâlde’’. Anne ûntdekt dat hy jierren letter ta deselde konklúzje komt: ‘’Hoewol’t de koloniale tiid foarby is, binne we noch hieltyd wend om de rest fan de wrâld troch ús westerske bril te sjen. Wat mear beskiedenheid soe de westerske en mei namme blanke mins wol siere.’’ Missy Slagge? is in nuansearre film weryn’t Kameroeners rom oan it wurd komme. De makker lit it oan de sjogger oer oft de missy dêr’t syn âlden mei nei Kameroen hinne gongen binne ‘om te helpen’ slagge is of net.

Fryslân DOK: Missy Slagge? – diel 1
Snein 3 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 2 jannewaris om 15.35 oere op NPO 2 en op snein 3 jannewaris om 12.25 oere.

Fryslân DOK: Missy Slagge? – diel 2
Snein 10 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 9 jannewaris om 15.35 oere op NPO 2 en snein 10 jannewaris om 12.25 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)