Fryslân DOK fan 3 augustus 2014 17:00

[Werhelling] Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 9 febrewaris 2014.

Nei 20 Jier op in twasprong

Om de Fryske sjoernalistyk te rêden moatte de redaksjes fan de Ljouwerter Krante, It Frysk Deiblêd en Omrop Fryslân binnen in pear jier nau mei elkoar gearwurkje. Dat seit direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân yn de dokumintêre 'Nei 20 jier op in twasprong', oer de takomst fan de Fryske televyzje.
Neffens Koster sille de beide kranten en Omrop Fryslân oer 5 oant 10 jier net mear as selsstannige organisaasjes bestean. Yn syn eagen is der dan mooglik ien grut Frysk mediasintrum, dat de Fryske mediakonsumint betsjinnet op ien digitaal poadium mei byld, lûd en sjoernalistike ferhalen. Yn sa’n mediasintrum soenen ek lokale omroppen in plak krije moatte. Koster tinkt wol dat der dan by de lokale omroppen earst skaalfergrutting plakfine moat nei bygelyks trije grutte lokale omroppen.

De regionale televyzjepoat fan Omrop Fryslân waard 20 jier ferlyn oprjochte. It is noch altyd ien fan de populêrste regionale televyzjestjoerders fan Nederlân. Mar yn in hurd feroarjende mediawrâld is dy posysje net langer fanselssprekkend. Troch besunigings steane de budzjetten ûnder druk. Ek de reklame-ynkomsten rinne werom.

Freelance dokumintêremakker Gerard van der Veer makke de begjintiid fan de regionale televyzje mei as presintator en einredakteur. Yn de Fryslân DOK ‘Nei 20 jier op in twasprong’ makket hy in ‘sentimental journey’ troch de skiednis fan de regionale televyzje, mar hy sjocht ek nei de kânsen en bedrigings yn de takomst.

Ek te sjen op sneon 2 augustus om 10:25 oere en op snein 3 augustus om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)