Fryslân DOK fan 29 Septimber 2013 18:10

It spul en de knikkerts: Keamerleden fine Fryske bestjoerders ûnsichtber
Fryslân DOK oer de Fryske lobby yn De Haach

De Fryske lobby yn polityk De Haach is de lêste jierren bot swakker wurden. Wylst oare provinsjes en grutte stêden just mear ynvestearje om harren ambysjes en projekten yn De Haach te fersulverjen, binne de Fryske bestjoerders foaral ûnsichtber. Dat is de hearskjende opiny ûnder de Fryske Twadde Keamerleden yn De Haach.
Yn de dokumintêre 'It spul en de knikkerts' fan Omrop Fryslân sprekke sy har grutte soarch út oer de posysje fan Fryslân op it Binnenhof, dêr’t de deals sletten wurde, it belied skreaun wurdt en de miljoenen ferdield wurde.
“Ik sjoch de Fryske bestjoerders hjir hast nea”, sa seit Keamerlid Anne-Wil Lucas fan de VVD. “Sy hawwe in tekoart oan fisy en der is gjin aginda foar de takomst. It is allegear te folle ad hoc”, sa seit Jacques Monasch fan de PvdA. Ek syn fraksjegenoat Lutz Jacobi makket har soargen oer de Fryske lobby: “It kin en moat folle better”.
Dokumintêremakker Gerard van der Veer folget yn 'It spul en de knikkerts' de noardlike lobbyist Henk Postma yn syn lêste dagen oan it Binnenhof. Tsien jier lang wie hy út namme fan de provinsjes Fryslân, Grins en Drinte de fertsjintwurdiger fan de noardlike belangen yn it politike sintrum fan de macht. Yn dy tiid is it oantal lobbyisten flink groeid en de striid om belangen en jild fûler wurden. “It is in way of life. Asto der net boppe-op sitst, fiskest efter it net”, sa fertelt Henk Postma.

Ek te sjen op Nederlân 2 op sneon 28 septimber om 10:30 oere en snein 29 septimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)