Fryslân DOK fan 29 novimber 2015 17:00

  • De Kast

Op de planken – 25 jier De Kast

‘Op de planken – 25 jier De Kast’ giet oer populêrste Fryske band alder tiiden. Programmamakker Murk Jaap van der Schaaf folget De Kast by harren jubileumtour en sketst in byld fan hoe’t it de band ferûn. In dokumintêre oer de fearkrêft fan fiif mannen dy’t nei 25 jier leafde en leed noch hieltyd mei mekoar op de planken stean en harren muzyk fiere.

De Kast ûnderfûn grutte súksessen yn de jieren 90. Mar hold nei tretjin jier op te bestean yn 2002. Hjirnei begong de grutte syktocht nei de muzyk en mekoar. No, in fearn eu nei it begjin, fiert De Kast har jierdei mei in nij jubileum-album en teatertour.

Njonken de nije muzyk fan it nije album ‘Op de planken’ en bylden fan de hjoeddeistige teatertour komme ek de persoanlike ferhalen fan de bandleden oan bod. Want hoe fergong it de mannen nei it grutte súkses? En hoe fûnen sy it paad nei mekoar wer werom?

Nico Outhuijse, Sytse Broersma, Kees Bode, Peter van der Ploeg en Syb van der Ploeg fertelle yn de dokumintêre iepenhertich oer hoe’t De Kast harren libbens foarme en tekene hat. In dokumintêre oer de fearkrêft fan fiif mannen dy’t tegearre Fryske en lânlike popskiednis skreaunen.

Fryslân DOK: Op de planken – 25 jier De Kast
Snein 29 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 28 novimber om 15.35 oere en snein 29 novimber om 12.25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)