Fryslân DOK fan 29 maart 2015 17:00

Fan boartsjen nei spyljen; 25 jier Jeugdteaterskoalle

Dit jier bestiet de Jeugdteaterskoalle yn Ljouwert 25 jier. By de oprjochting yn 1990 siet programmamakker Douwe Talma as 11-jierrich jonkje by de earste lichting learlingen. Douwe Talma: “De JTS wie foar Fryslân in folslein nij inisjatyf foar jonge minsken. It wie in bysûndere tiid foar my en dêrnei hûnderten oare bern út Fryslân.” Yn Fryslân DOK sjocht hy werom en foarút op in tiidrek teaterskoalle foar jongerein. Om’t der nearne yn Fryslân in plak wie dêr’t jongerein les krije koe yn teatermeitsjen betocht de Brabânske Friezinne Hilde Mulder yn 1990 de Jeugdteaterskoalle. In skoalle dêr’t jongfolk tusken de 12 en 18 jier alle sneonen les kriget yn teater yn de breedste sin fan it wurd. Hjoed-de-dei wurde de jierlikse kwaliteitsfoarstellings fan de JTS ek bûten de provinsje goed ûntfongen. Dêrmei is dúdlik dat kearn en motor, Hilde Mulder, mei har teaterskoalle foar jongerein in suksesferhaal yn hannen hat.

Ald-learlingen jouwe yn dizze dokumintêre oan dat de skoalle in plak is dêr’t je stimulearre wurde om je fantasy te fergrutsjen en je eachweid te ferromjen.
Programmamakker Douwe Talma praat yn dizze Fryslân DOK fierder mei belutsenen lykas âld-dosint Gooitsen Eenling, regisseur Corina van Eijk fan Opera Spanga en muzikant/komponist Peter Sijbenga.

Fryslân DOK: Fan boartsjen nei spyljen; 25 jier Jeugdteaterskoalle
Snein 29 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 28 maart om 15.35 oere en snein 29 maart om
12.25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)