Fryslân DOK fan 29 maaie 2016 17:00

De pracht fan de macht

De macht fan de Friezen yn de fiifde oant de sânde ieu rikte folle fierder as de eigen terp. Dat bewize de goudskatten dy’t yn it Fries Museum fan 6 juny ôf foar it earst byinoar brocht en útstald binne. De sieraden, munten en oare foarwerpen dy’t opgroeven binne út de Fryske terpen binne unyk yn Nederlân.

Fryske terpen binne de skatkeamers fan Fryslân. Geregeld wurde der noch goudskatten fûn yn de boaiem. Dêrút docht bliken dat Fryslân it rykste diel fan Nederlân wie yn de iere midsieuwen. It goud fertelt lykwols net sa folle oer har dragers of eigeners. Yn Fryslân DOK lit it Fries Museum inkelde gouden stikken, sa as de fibula fan Winaam en de goudskat fan Dronryp, ûndersykje yn it loft- en romtefeartlaboratoarium yn Marknesse.

De fibula fan Winaam is it topstik fan de kolleksje. Metaaldetektorsikers hawwe in protte bydroegen oan de rekonstruksje dêrfan. Fierder komt Johan Nicolay oan it wurd. Yn syn boek ‘The splendour of power’ bringt hy it Fryske goud yn ferbân mei de Angelsaksyske, Deenske en Frankyske keningshuzen.

Fryslân DOK: De pracht fan de macht
Snein 29 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)