Fryslân DOK fan 28 maaie 2013

De Beeldende Kunstregeling (BKR) diel 2, ûndergong fan in paradys

De Beeldende Kunstregeling (BKR) wie de finansjele stipe foar earmlestige keunstners yn de jierren nei de oarloch. De BKR jilde fan begjin jierren ’60 oant 1987. Keunstners koene wurk ynleverje by in spesjale kommisje. Sy krigen dêrfoar in fergoeding, dy’t yn plak kaam fan de bystân. Dêrtroch koene sy har as keunstners ûntwikkeljen bliuwe. Dy hûnderten skilderijen lizze oant hjoed-de-dei opslein yn it depot fan it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), dy’t it BKR-depot opheffe wol, of ‘ûntsammelje’. Nei oanlieding dêrfan is yn it HCL in eksposysje ynrjochte oer de Fryske BKR-perioade.

Yn de twadielige dokumintêre fan Fryslân DOK oer de BKR, fertelle de keunstners út dy tiid iepenhertich oer harren ynkomsten en de (no net drekt strange) regels, dy’t jilden foar de oankeap fan harren wurk. Yn harren eagen wie de BKR in seine, omdat it wurk beoardiele waard. Sy koene har ûntwikkelje; yn de bystân wie dat net mooglik.

Dochs wiene der ek wanklanken oer de BKR yn de begjinperioade. Sa soene keunstners net harren bêste wurk ynlevere hawwe; dy bewarren sy foar eksposysjes. Der waard ek nei eigen goedachtsjen hannele. Yn guon gemeenten waard bygelyks wurk mei in soad bleat ôfkard, wylst dat op in oar plak goedkard waard. Ek progressyf wurk waard soms wegere. De regeling waard útfierd troch de Fryske Kultuerried.

Yn de rin fan de jierren ’70 begûn de regeling finansjeel út ‘e hân te rinnen. Op it hichtepunt fan de regeling sieten der lanlik 4.000 keunstners yn de BKR. De krityk op de BKR naam ta, ek út it publyk wei. De flok om de BKR soe dan ek ferantwurdlik wêze foar de minachting foar keunst en keunstners. Uteinlik waard de regeling yn 1987 ôfskaft. Dat gie lykwols net sûnder stjit of slach. Keunstners kamen yn ferset en besetten museums, wêrûnder it Fries Museum. Fryske keunstners fertelle yn de dokumintêre hoe’t sy meidienen oan de aksjes, dy’t úteinlik neat oplevere hawwe.

Iepenhertige petearen mei keunstners út dy tiid litte de emoasje sjen oer de Fryske BKR-perioade. Dizze skiednis fertelt oer in tiid wêryn’t yn Nederlân de beammen noch oant yn ‘e himel groeiden.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 1 juny om 10:30 oere en snein 2 juny om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)