Fryslân DOK fan 28 febrewaris 2016 17:00

  • Sinnepaniel

Feroarkrêft

Der wurdt in soad sein en skreaun oer de partisipaasjemienskip, mar selden wurdt dy ynsjochtlik makke. Yn dizze Fryslân DOK wurde de ûntwikkelingen yn Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden fan tichteby folge. Fryske doarpen yn harren ambysje om as mienskip enerzjyneutraal te wurden.

Yn ‘Feroarkrêft’ binne Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden in jier lange folge. Yn dy doarpen is de ambysje ûntstien om ‘Energie Neutraal’ te wurden. In posityf lûd nei in muoisum proses rûnom wynenerzjy. De Fryske mienskippen litte sjen hoe’t se op eigen krêft duorsum probearje te wurden.

Yn Fryslân binne in oantal inisjatyfgroepen út benammen doarpen, mar ek in oantal wiken, dy't diel wurde wolle fan de enerzjytransysje. Mar hoe moat dat organisearre wurden? En hoe kin der draachflak kreëarre wurde foar sa’n ambysje.

De dokumintêre hat twa ynfalshoeken: it beljochtet oan de iene kant in mienskiplike feroaring en fertelt oan de oare kant op in beskôgjende manier it ferhaal út de belibbing fan de ‘gewoane boarger’ wei. De partisipaasjemienskip dêr’t sa folle oer sein en skreaun wurdt freget om in feroaring yn de mentaliteit. Dat dit net altyd maklik ferrint wurdt begryplik makke.

Fryslân DOK: Feroarkrêft
Snein 28 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 27 febrewaris om 15.30 oere en snein 28 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)