Fryslân DOK fan 27 oktober 2013 17:00

Sykje nei de Boarn(e)
In reisfilm oer de skientme fan it Fryske lânskip yn Fryslân DOK

Under in fytstocht stjitte de Amsterdamske filmer Simon Haringa by De Tynje op in streamke it 'Keningsdjip'. Dit is de bopperin fan it rivierke dêr't er oan opgroeide: de Boarn.
'Sykje nei de Boarn(e)' is in film dy't it Fryske lânskip yn syn skientme sjen lit. Mar is it ek in film oer sykje en fine.

As jonge fantasearre Haringa faak oer dizze Boarn dy't meänderjend yn de fierte ferdwûn. Der wie net ien dy't him fertelle koe hoe't of wêr't dizze rivier begûn. In rivier begjint op in heuvel of berch, mar dy binne der net yn Fryslân. It wie in mystearje dat hearde by de wrâld efter de hoarizon en in geheim dat hy nochris oplosse woe.

Natuer, skiednis en fiere lannen hiene as bern grutte oanlûkingskrêft op Haringa, om't dêr in moaie en spannende wrâld lei. Yn it doarp dêr't er wenne wiene gjin bosk, rotsen of kastielen. Der wie allinne mar de âlde rivier! Dus makke hy, fuorre troch doarpsmyten, boeken en televyzjeprogramma's syn 'eigen' ferhalen. Dêryn reizge hy mei de Boarn mei nei ûnbekende streken en ferline tiden. Hy kreëarre in eigen wrâld sa't alle bern dat dogge.

Yn de folwoeksen wrâld stiet de werklikheid sintraal en hat Haringa regelmjittich it gefoel dat hy syn eardere ferbyldingswrâld en it gefoel fan frijheid dat derby hearde, kwyt rekke is. Mar by it Keningsdjip fielde hy ynienen wer efkes deselde nijsgjirrichheid en opwining as doe. Miskien wie hy hjir tichtby de boarne fan it rivierke. En.. hy sil no werklik de reis meitsje kinne nei de wrâld dy't as bern allinne yn syn fantasy bestie!

De filmer makket in tocht oer dizze rivier de Boarn(e), dy't ek boarne betsjut, fan de mûning ôf oant de oarsprong en giet letterlik en figuerlik op syk nei de boarne. Wat fynt hy no op de plakken dy't him doe oanset hawwe ta it betinken fan syn ferhalen? Ek wol hy it mystearje út syn jeugd oplosse. Wêr begjint in rivier en hoe sjocht in boarne yn Fryslân derút?

Fryslân DOK: Sykje nei de Boarn(e)
Snein 27 oktober om 17:10 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân
Televyzje.

Sneon 26 oktober om 10:30 oere op Nederlân 2. Nochris te sjen op snein 27 oktober om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)