Fryslân DOK fan 27 novimber 2012

Kleaster Klaarkamp diel 3

Fryslân DOK stjoert in trijedielige rige oer kleaster Klaarkamp by Rinsumageast út. Fan 1165 oant de reformaasje yn 1580 hat it Sistersiënzer kleaster Klaarkamp in wichtige rol spile yn de ûntjouwing fan de Noardeasthoeke fan Fryslân. Bernard fan Clairvaux stichte dit kleaster yn de tolfde ieu. Histoarikus Hans Mol fan de Fryske Akademy nimt de sjogger mei werom nei de tiid fan de kleasters en de muontsen.

De muontsen fan Klaarkamp diene ek hannel mei stêden oan de Noard- en Eastsee. Sy fearen regelmjittich mei koggen nei Bremen, Hamburch en oare stêden. Yn it ‘Staatsarchiv’ fan Hamburch is te lêzen hoe't dat ferrûn. Histoarikus Hans Mol gie foar dizze dokumintêre mei nei Hamburch en wist net wat er seach, doe't er in oantal foar him ûnbekende akten en segels fan Klaarkamp ûnder eagen krige.

Yn Ihlow (Dútslân), net safier fan Aurich ôf, hat ek in Sistersiënzer kleaster stien. Ihlow is in dochterkleaster fan Klaarkamp. Yn de grûn sitte noch fûneminten fan it kleaster. Om it wer sichtber te meitsjen, binne de kontoeren fan it kleaster neimakke yn stiel en op werklike grutte wer op it plak delset. Fan fierren is it in ymposant gesicht. Der wurde religieuze gearkomsten holden, mar ek kleasterfeesten mei picknicks en muzyk. De driuwende krêft dêrefter is de histoarikus Bernard Buttjer.

Kleaster Klaarkamp hat ek úthôven hân, ien dêrfan wie Kleaster Sion yn Nijewier. Op it doarp witte sy sterke ferhalen te fertellen oer wat der yn de grûn leit. De famylje Boonstra wennet al fiif generaasjes yn it kleaster Sion en fielt him ferbûn mei dat plak. Yn de muorren sitte noch âlde friezen dy't út dy tiid komme.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 1 desimber om 10:25 oere en snein 9 desimber om 15:30.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)