Fryslân DOK fan 27 july 2014 17:00

[Werhelling] Dizze dokumintêre is earder útstjoerd yn 1996. "Eene verlatene kolonie van vreemdelingen", oer Belgen yn Gaasterlân yn de Earste Wrâldoarloch 1914-1918.
Neidat yn de Earste Wrâldoarloch de stêd Antwerpen belegere en fallen wie, sochten mear as ien miljoen Belgen harren taflecht ta (it neutrale) Nederlân. Trijetûzen fan harren, benammen Flamingen, waarden yn it Fryske Gaasterlân opfongen. Sy bleaunen dêr fjouwer jier. Doe't in deiboek fan ien fan harren, Pierre Demal, weromfûn waard, wie dat foar Omrop Fryslân oanlieding om dizze hast fergetten perioade fêst te lizzen yn in dokumintêre. Yn de dokumintêre binne petearen te sjen mei Friezen dy't de perioade mei de Belgen yn Gaasterlân fan tichtby meimakke hawwe. In Fryslân DOK út 1996 mei boeiend byldmateriaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)