Fryslân DOK fan 27 augustus 2013

Fryslan DOK: Oer de Seedyk

Trije jûnen efterinoar, fan 12 o/m 14 juny 2008 waard oan ‘e waadkant fan ‘e seedyk by Peasens-Moddergat it teaterspektakel Oer de Seedyk opfierd. It unike teatrale konsert gong oer it teloargean fan de âlde fiskerij en de lânbou, skreaun troch Gerrit Breteler. Mei it waad as prachtich dekor, de ûndergeande sinne, de grutte fan it gebiet en de eilannen oan ‘e hoarizon, krige it publyk in ymposant skouspul fan muzyk, sang, in prosesje fan reauwen, libbene have en personaazjes út it ferline te sjen.

It stik waard skreaun troch Gerrit Breteler en op muzyk setten troch Gerrit Breteler, Jelke Kooistra en Tjitte de Vries. De arranzjeminten binne fan Manuel Speth. Oan it Frysk teatraal rekwiëm wurken mei: it Nieuw Philharmonisch Orkest, it Vocaal Ensemble Cantatrix, en de solisten Gerrit Breteler, Miranda van Kralingen en Gezina van der Zwaag. De muzikale lieding wie yn hannen fan G.J. van Beijeren Bergen en Henegouwen.

Yn 2008 wie it 125 jier lyn dat him yn Paesens-Moddergat in grutte skipsramp foardie, dêr’t yn ien nacht 83 fiskers by ferdronken. Der bleaunen likernôch 60 widdofroulju mei bern jonger as 10 jier yn grutte earmoede efter. It drama hat generaasjes lang in stimpel op it twillingdoarp drukt.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)