Fryslân DOK fan 26 maart 2013

  • Wetterprojekt Mozambyk

De Fryske euro yn Mozambyk

Elke Fries betellet jierliks in euro oan it ûntwikkelingsprojekt ‘schoon water voor Mozambique’. Omrop Fryslân is nei Xia-Xia en Maputo ta gien, twa fan de sân steden yn Mozambyk dêr’t dat Fryske projekt aktyf is. Hoe wurket it projekt, wat leveret it op en komt it goed yn Mozambyk as it projekt yn 2015 it lân ferlit?

Al sjongend, klappend en dûnsjend wurde de bern yn Mozambyk op in fleurige manier bewust makke fan persoanlike hygiëne en oare ûnderwerpen dy’t der by hearre. Sûnt 2010 wurket it Fryske projekt ‘schoon water voor Mozambique’ oan de ferbettering fan de sanitaasje yn Mozambyk. Kennisoerdracht is in wichtich ûnderdiel fan it projekt. Fryslân DOK hat ûnder oare in sûnensteam folge, dat is in groep fan learlingen dy’t in training oer hygiëne hân ha. Mei t-shirts fan it projekt oan en petsjes op mei de Fryske flagge, giet it sûnensteam op ’en paad om oare bern te fertellen oer bygelyks it belang fan hannen waskjen.

Neist kennisoerdracht bout it projekt op skoallen en by minsken thús (ienfâldige) húskes. Fan it projekt út is der by in mem dy’t der allinne foar stiet in Xipoti pleatst, in keunststof útfiering fan it betonnen húskeputdeksel. It húskeputdeksel is bedoeld om it toilet in ‘seksy’ imago te jaan.
Wêr’t húskes binne moat ek húskepapier komme, dus der is in húskepapierfabrykje iepene. Mei âlde masines yn in lyts haltsje hat in Súd-Afrikaan dat ûndernommen. Twa jier lyn is hy begûn en no foarsjocht er hast hiel Mozambyk fan húskepapier.
Ferskate Fryske organisaasjes, wêrûnder provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân, stypje it projekt. De dokumintêre ‘De Fryske euro yn Mozambyk’ lit Friezen sjen wêr’t harren euro bedarre is.

Lês yn Simone har Blog wat sy allegearre yn in wike sjoen en belibbe hat:
http://www.omropfryslan.nl/blog/mozambyk

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)