Fryslân DOK fan 26 juny 2016 17:00

Fryslân DOK: De Dyk
Ien fan de âldste diken fan Europa leit ferskûle en ferlitten yn it Fryske lânskip. Nei desennia fan fertutearzing besleat in lytse groep belutsen boargers dat it tiid waard de ‘Pingjumer Gulden Halsbân’ te rêden. Wat folge wie in striid tusken boargers, boeren en bestjoerders. No, nei seis jier polderjen, blykt it ikoan yn it Fryske lânskip in symboal fan gearwurking.

De ‘Pingjumer Gulden Halsbân’ is nei alle gedachten om 950 hinne betocht en boud troch monniken, yn ‘e mande mei de pleatslike befolking. De binnendyk om it Fryske doarp Pingjum hinne moast de lânbou en feehâlderij tsjin de see beskermje. Dêr’t de monumintale dyk eartiids it wetter kearde, soarget er no foar ferbining tusken in groeiende groep belutsenen. Want dat is yn tûzen jier tiid itselde bleaun: de bewenners fan it gebiet bliuwe oan it polderjen yn in lânskip dat nea ôf is.

De dokumintêre ‘De Dyk’ lit net allinnich de ferjitten wearde fan it kultuerhistoarysk erfguod sjen, mar leit ek wat oars bleat: de belutsenens fan in soad omwenjenden mei dizze bysûndere dyk. De âld-boer dy’t yn de dyk ûnderwilens ‘hiel wat oars’ sjocht; it besiele bestjoerslid fan it boargerinisjatyf; de dichter; it groepke doarpsynwenners dat nei mear as hûndert jier de dyk wer ‘skôgje’ sil. Mei in hiel soad oaren blaze sy nij libben yn dizze hast fergetten dyk. Hoe’t in dyk wekker tute waard.

Snein 26 juny fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 25 juny om 15.30 oere en snein 26 juny om 13.15 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)