Fryslân DOK fan 26 july 2015 17:00

Sân Stêden
(Werh.) Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje yn de hjerst fan 2014 mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gongen.

Simone Scheffer, Jantien de boer en singer/songwriter Wiebe Kaspers reizgje ôf nei Pilsen, Tsjechië. Pilsen is in stêd yn it westen fan Tsjechië mei 162.500 ynwenners de fjirde stêd fan it lân. De stêd is bekend wurden as de nammejouwer fan de pils. De bierbrouwerijen drukke in grutte stimpel op de stêd oan de iene kant, oan de oare kant binne dat de fabryksterreinen fan automerk Skoda.

Sjoch mear oer it mienskiplik projekt op de webside fan 7stêden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)