Fryslân DOK fan 25 septimber 2012

  • Fryslân DOK

Teatermakster Dette Glashouwer diel 2

Yn in dokumintêre yn twa dielen folget Pieter Verhoeff teatermakster Dette Glashouwer op toernee troch Amearika. In roadmovie fan in spannende, mentale reis oer in teaterfrou dy’t op in krúsjaal punt yn har libben foar de fraach stiet: “Hoe gean ik fierder, allinne?”.

Glashouwer hat 21 jier diel útmakke fan de mime teatergroep ‘Suver Nuver’. Nei’t de subsydzje stopset is, giet sy in nij aventoer oan yn it lân fan de belofte dêr’t dreamen wurklikheid wurde kinne: Amearika. Dette Glashouwer spilet har solofoarstelling ‘Yes! To live and love’, wêryn’t sy harsels begeliedt op in harmoanium, in relikwy dat referearret oan har jeugd wêryn’t Johannes de Hear songen waard. In foarstelling oer it trio dêr’t sy út fuortkommen is (Suver Nuver) en oer it earste trio, heit-mem-bern, wêrfan’t sy ôfskied nimme moast en har woartels. Verhoeff praat mei Dette oer de ‘sykfraach’ fan dizze reis, har ûnderfinings en har gedachten.

Dette giet wilens de foarstellings yn petear mei de taskôgers oer ferskate ûnderwerpen lykas skamte en seks. Yn it portret floeie bylden fan de foarstelling, de reis en petearen ynelkoar oer en der binne bysûndere mominten fan refleksje en yntrospeksje. Glashouwer toant Pieter Verhoeff har frustraasje as de toernee net neffens planning ferrint. Mar wannear’t de kamera de ferraste gesichten registrearret, wurdt dúdlik dat Dette Glashouwer in absolút unike en eigensinnige teatermakster en persoanlikheid is, dy’t in djippe yndruk efterlit by har Amerikaanske publyk. Hjoed wurdt diel 2 útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)