Fryslân DOK fan 25 maaie 2014 17:00

Stielen Reuzen

Yn Nederlân binne der nearne safolle delset as yn Fryslân en der is gjin provinsje wêryn’t der noch safolle oerein steane. Guon folslein ferrustke as oerbliuwsels fan it ferline, oaren mei in protte leafde renovearre foar de takomst. Fryslân DOK fertelt it ferhaal fan de Amerikaanske wynmotoaren yn Fryslân, stielen molens foar de polderbemealling.

By de yntroduksje begjin 1900 waarden de stielen reuzen noch betitele as hoarizonfersmoarging, mar hjoed-de-dei binne it karakteristike objekten en net mear fuort te tinken út it Fryske lânskip en de oantins dêroan.

‘Stielen Reuzen’ is in kollaazje fan ferhalen dy’t ferbûn binne oan dit bysûndere stik Amerikaanske technyk út de 19e en 20ste ieu. Ferhalen oer wetter en wyn, oer teloargean en behâld. Oer de skiednis en siel fan in bysûnder stik monumintaal erfguod yn Fryslân.

Ek te sjen op sneon 24 maaie om 10:25 oere en snein 25 maaie om 15:25 oere op Nederlân 2

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)