Fryslân DOK fan 25 juny 2013

De Noorder Compagnie

De Noorder Compagnie wie in noardlik beropstoanielselskip dat yn 1967 oprjochte waard. It hie syn wurkplak yn skouboarch De Lawei yn Drachten. It selskip waard oprjochte yn de tiid fan de toanielsprieding; yn alle wynstreken moasten doe selskippen komme. Yn de dokumintêre ‘De Noorder Compagnie’ wurdt mei belutsenen weromsjoen op de mear as tweintich jier rike skiednis fan dit toanielselskip. Yn it noarden waard akteur Jaap Maarleveld de oprjochter en artistyk lieder, tegearre mei syn frou Manon Alving, ek aktrise. Sy spilen mei it selskip grutte stikken yn de grutte sealen, mar diene ek oan foarmingstoaniel (dat hat as doel it publyk polityk en sosjaal bewust te meitsjen) en oan toanieledukaasje op skoallen. De Fryske akteurs Roel Nijboer, Joop Witttermans en Peter Tuinman sieten ek by de Noorder Compagnie, njonken minsken as Hero Muller, Rutger Hauer, Joop Hart, Sacco van der Made, Diny de Neef en noch folle mear. Nei tsien jier joech Maarleveld it stokje oer, deawurch. Doe waard de Noorder Compagnie daliks in spylbal yn de striid tusken Grinslân en Fryslân. It betsjutte úteinlik ek de ein fan de Noorder Compagnie; yn 1979 wie it dien. Fansels komt Jaap Maarleveld oan it wurd. Dêrneist fertelt Roel Oostra, de direkteur fan De Lawei, it ien en oar, wylst de akteurs fan doe ek harren rol spylje yn dizze dokumintêre fan Fryslân DOK.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 29 juny om 10:30 oere en snein 30 juny om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)