Fryslân DOK fan 25 jannewaris 2015 17:00

Kulturele Haadstêd

Ljouwert is oardel jier lyn útroppen ta Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Ek al liket dat noch fier fuort, in groep minsken yn de Ljouwerter Blokhúspoarte is der al drok mei dwaande. Fryslân DOK folget wat der op de kantoaren allegear bart.

Direkteur marketing Hanita van der Schaaf siket ferbining mei de rest fan Europa. Fierder komme yn dizze Fryslân DOK algemien direkteur Ton van Dijk, programmamakkers, produsinten en kertiermasters fan de ferskate projekten oan it wurd.

Ynkoarten bringt de organisaasje hieltyd mear nei bûten, lykas in hûs-oan-hûsblêd, in nije webside en in nij logo fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. It motto is 'mienskip' en mei as doel de kulturele haadstêd presintearje oan harren mienskip en it freegjen om bydragen en gearwurking fan dyselde mienskip.

Fryslân DOK: Kulturele haadstêd
Snein 25 jannewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 24 jannewaris om 15:30 oere en op snein 25 jannewaris om 12:25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)