Fryslân DOK fan 25 april 2013

100 bern, kâns of katastrofe?

De Underwiisried hat de minister advisearre alle basisskoallen mei minder as 100 learlingen te sluten. Foar it basisûnderwiis yn Fryslân soe dat grutte gefolgen hawwe. Fryslân hat fan âlds de measte lytse skoallen fan hiel Nederlân. Troch de krimp fan de befolking nimt it oantal learlingen ôf, benammen op in soad doarpsskoallen. Der is in oantal hiel goede lytse skoallen, mar gemiddeld stiet de kwaliteit fan lytse skoallen faker ûnder druk as by grutte skoallen. Dêrneist binne sy ek nochris hiel djoer.

In oantal skoalbestjoeren hat dêrom al besletten om har duorren te sluten, of der wurde lytse skoallen gearfoege. Neffens de Underwiisried moat dat allegear folle flotter. No is de opheffingsnoarm noch 23 bern, oer fiif jier moatte op elke basisskoalle op syn minst 100 learlingen sitte, sa advisearret de Ried. Allinnich dán kin kwalitatyf goed basisûnderwiis yn plattelânsgebieten ek yn de takomst garandearre wurde. Fryslân hat no 470 basisskoallen. As de minister it advys fan de Ried opfolget, sil de helte fan de Fryske basisskoallen har duorren slute moatte.

Nel Haarsma is wethâlder ûnderwiis yn de gemeente It Bilt yn it noardwesten fan Fryslân. Yn har gemeente binne yn totaal alve basisskoallen. As de minimale opheffingsnoarm nei in oantal fan 100 bern giet, sil Haarsma acht fan de alve skoallen slute moatte. En dat is net te dwaan neffens har.
Yn dizze dokumintêre fan Fryslân DOK lit Haarsma sjen hoe’t har gemeente omgiet mei de problematyk fan de lytse skoallen. De gemeente hat yn 2006 al in skoaltsje yn it doarp De Westhoek slute moatten. Mei 17 learlingen wie dat echt te lyts. Mar yn de oare lytse doarpen wol de wethâlder yn alle gefallen dat der ien skoalle bestean bliuwt yn elk doarp, omdat in skoalle sa wichtich is foar de leefberens yn in doarp. Yn Froubuorren is dat no al it gefal. Stiene dêr ferline jier noch in lytse kristlike skoalle en in lytse iepenbiere skoalle, no is dat ien gearwurkingsskoalle en de bern sitte byelkoar yn de klasse. Hûndert learlingen helje sy noch hieltyd net, 80 wol.

Haarsma: “Fan skoallen mei minder as 23 learlingen moatte wy echt ôfskie nimme, dat is net mear fan dizze tiid. Mar 100 learlingen yn in tinbefolke gebiet is echt te heech. ‘Randstedelijk denken’ neamme wy dat, dêr’t wy op it plattelân neat mei kinne. Mei getallen kinne wy neat, wol mei wurk op maat. Want ek ús bern hawwe rjocht op goed en berikber ûnderwiis.”

Tongersdei 25 april om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 27 april om 10:25 oere en snein 28 april om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)