Fryslân DOK fan 24 maaie 2015 17:00

Byld fan Tetman

Yn maart fan dit jier wie it hûndert jier lyn dat Tetman de Vries berne waard yn Bitgummole. Fryslân DOK giet op syk nei de betsjutting en it neiteam fan de ferneamde kabaretier. En wêr stiet it byld fan Tetman no eins?

Yn Bitgummole waard yn 1915 de twilling Tetman en Jarich de Vries berne. Mei de oare bruorren en susters spilen sy yn de Twadde Wrâldoarloch foar it earst de revu ‘De tiid hâldt gjin skoft’. Foar dy tiid wie it in oerweldigjend sukses: it stik waard hast 1200 kear opfierd. Nei de oarloch hiene sawat alle Friezen it sjoen. It selskip Tetman en Jarich hat noch jierrenlang harren revu’s spile. Nei it ferstjerren fan Jarich yn 1965 gie Tetman solo troch mei it skriuwen en opfieren fan kabaretprogramma’s.

No hûndert jier letter bringe dochter Leny Dijkstra en freon Rients Gratama in hommaazje oan Tetman. Beide spilers wiene yndertiid yn de lear by Tetman. De hommaazje oer hûndert jier Tetman ‘Doe kaam de maaitiid’ wurdt opfierd yn Bitgummole, dêr’t it allegear begûn.

Fryslân DOK: Byld fan Tetman
Snein 24 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 23 maaie om 15.35 oere en tongersdei 28 maaie om 14.15 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)