Fryslân DOK fan 24 jannewaris 2016 17:00

De lêste noaten fan it Frysk Orkest

It Frysk Orkest gong yn 1989 op yn it Noord Nederlands Orkest tegearre mei it Noordelijk Filharmonisch Orkest fan Grins. Yn jannewaris besteegje Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante oandacht oan it Frysk Orkest mei in rige radiodokumintêres, in televyzje-dokumintêre en in rige artikels.

Mei help fan in grutte ynsammelaksje ûnder de Fryske befolking koe it Frysk Orkest yn de jierren fyftich professionalisearje. Net allinnich yn konsertsealen mar ek yn doarpshuzen yn alle úthoeken fan de provinsje waarden konserten jûn. Yn de folksmûle waard dan ek sprutsen fan ‘ús orkest’. Doe't it Frysk Orkest yn 1989 mei it Hearenakkoart opgie yn it Noord Nederlands Orkest, dat Grins as fêstigingsplak kriich, rûnen de emoasjes dan ek heech op.

Omrop Fryslân sjocht tegearre mei de Ljouwerter Krante werom op it Frysk Orkest. Fan 17 jannewaris ôf binne der ferskate artikels oer it Frysk Orkest te finen yn de Ljouwerter Krante. Omrop Fryslân jout omtinken yn Buro de Vries en Fryslân DOK.

Buro de Vries – In akkoart sûnder muzyk
Yn Buro de Vries in rige fan fjouwer útstjoerings. Yn de earste ôflevering op snein 3 jannewaris prachtige opnamen út it argyf fan Omrop Fryslân en petearen mei ûnder oaren altfioelist Leendert van der Zeep. Leendert gong yn 1989 fan it Frysk Orkest nei it Noord Nederlands Orkest en sjocht werom op dy tiid. Fierder yn ‘In akkoart sûnder muzyk’ in petear mei bassist Willem Nijenhuis en âld-direkteur fan it Frysk Orkest Henk Smink.

Snein 24 jannewaris tusken 11.00 en 13.00 oere op Omrop Fryslân Radio yn it programma Buro de Vries.

Fryslân DOK – De neilittenskip fan ús orkest
Yn ‘De neilittenskip fan ús orkest’ fertelle musisy en âld-musisy oer de opkomst, de gloarjedagen en de ein fan it Frysk Orkest. Orkestleden sjogge werom op dy roerige tiid, mar ek âld-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel komt as ien fan de arsjitekten fan it Hearenakkoart oan it wurd yn ‘De neilittenskip fan ús orkest’. Hy neamt it noch altyd in goed akkoart, dêr't Fryslân úteinlik better fan wurden is.

Snein 24 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 23 jannewaris om 15.30 oere en snein 24 jannewaris om 12.50 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)