Fryslân DOK fan 23 maart 2014 17:00

Eigen hûs, eigen skuld?

Goed 11.000 Fryske huzebesitters besykje harren hûs te ferkeapjen. Dat betsjut dat ûngefear ien op de santjin wenningen yn Fryslân op dit stuit te keap stiet, want yn de provinsje binne der yn totaal sirka 190.000* keapwenningen. In soad hûzen steane langer as in jier te keap, ferkeapers binne al flink sakke mei de fraachprizen. En de krisis op de huzemerk hat it djiptepunt noch net berikt, sa liket it. Yn Fryslân DOK it ferhaal fan ferkeapers en makelers yn ien fan de Fryske alve stêden.
Mei ‘Het Woonoffensief’ wol de Provinsje Fryslân mei in tal partners in ympuls jaan oan de wenningmerk. Minsken dy't in wenning keapje oant 200.000 euro komme yn oanmerking foar in ekstra subsydzje. It doel is om tusken 15 febrewaris en 15 maart fan dit jier 300 wenningen mear te ferkeapjen.

Hoe pakt dat út yn Frjentsjer? Yn ‘de stjer fan de Fryske alve stêden’ steane mear as 100 wenningen langer as in jier te keap. Yn Fryslân DOK folgje wy makelerskantoar Van der Wal Frjentsjer/Harns yn it deistich wurk. Meine van der Wal begûn yn 1974 út ‘e hûs wei in makelerskantoar, no nimt syn skoansoan Jeroen Zaagemans stadichoan de saak oer. Ek komme wy yn de kunde mei ferkeapers dy't al jierren besykje harren hûs te ferkeapjen.

De takomst fan de Fryske wenningmerk is hiel ûnwis, troch de krimp binne der hieltyd minder keapers op de merk. De oanskerpe regels fan de banken hawwe as gefolch dat de djoerdere hûzen foar noch mar in lytse groep betelber binne. In soad minsken reitsje yn de problemen troch de krisis op de huzemerk. Troch in skieding, ferlies fan wurk of in fallisemint kin der in grutte restskuld ûntstean. De Stichting RED (Restschuld Eerlijk Delen) komt op foar dizze groep en fynt dat de banken ferantwurdlik binne foar de situaasje fan minsken dy't mei grutte skulden sitten bliuwe.
* monitor Fryslân 2011 186.948 keapwenningen

Ek te sjen op sneon 22 maart om 10:25 oere en snein 23 maart om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)