Fryslân DOK fan 23 febrewaris 2014 17:00

Serious Gaming, it spul fan de makkers

Gaming is al lang gjin spultsje mear, mar 'serious business'. Yn de gaming-yndustry wurde miljoenen fertsjinne. Ek yn Fryslân is gaming in serieuze saak wurden. Net allinnich foar de spilers, mar foaral ek foar de makkers. De Fryske gaming bedriuwen betsjinje in ynternasjonale merk.
Grendel Games fan Ljouwert hat him spesjalisearre yn serious games. Spullen dêr't jo net allinnich wille mei hawwe, mar dêr't jo ek fan leare kinne. Sa hat Grendel Games bygelyks yn gearwurking mei it Akademysk Sikehûs fan Grins in spul ûntwikkele, wêrby’t sjirurgen harren laparoskopyske feardichheden (nedich by sjochoperaasjes) traine kinne. In spul dat ynternasjonaal al hege eagen smiten hat.
Remco de Rooij is eigener fan Triangle studio's yn Ljouwert. Syn bedriuw makket games foar de entertainmentmerk, foaral foar Amerikaanske opdrachtjouwers. Dat 'game-designing' libbet yn Fryslân, blykt ek út de grutte opkomst by in Global Game Jam yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De dielnimmers moatte binnen 48 oeren in game meitsje...
Yn Fryslân DOK sjogge wy efter de skermen by de gaming yndustry. In bloeiende bedriuwstûke dy't jo op it earste each net ferwachtsje yn Fryslân.

Ek te sjen op sneon 22 febrewaris om 10:25 oere en snein 23 febrewaris om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)