Fryslân DOK fan 23 augustus 2015 17:00

Sân Stêden
(Werh.) Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje yn de hjerst fan 2014 mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gongen.

Yn de lêste ôflevering fan de rige fan de 7 Stêden giet Annet Huisman mei Stef Altena fan de Ljouwerter krante en Friso Visser nei Valletta yn Malta. Valletta is de haadstêd fan Malta en sa'n 7.000 ynwenners. De stêd is kompakt en beslacht mar sa'n twa by ien kilometer. Valletta is tagelyk mei Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd. It is de stêd fan forten en bastions, dêr't in soad kultueren bymekoar komme.

Sjoch mear oer it mienskiplik projekt op de webside fan 7stêden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)