Fryslân DOK fan 22 novimber 2015 17:00

In monumintsje foar Jan Abrahamse

De Waadferiening bestiet dit jier fyftich jier. In grut part fan de turbulinte skiednis fan de feriening waard fan tichtby meimakke en sels ‘makke’ troch Jan Abrahamse. Hy wie sûnt de jierren tachtich de driuwende krêft efter it Waddenbulletin.

Abrahamse wie ek ien fan de oprjochters fan de Waadferiening. Hy wie yn 1957 ien fan de earste waadrinners en helle yn 1962 mei de earste, sear gefaarlike oerstek fan Teksel nei Flylân, tegearre mei Jaap Buwalda, de lanlike parse. Oer de jierren hinne wist Abrahamse op ynspirearjende wize natuer, kultuer en keunst benammen fia fotografy mei-inoar te ferbinen.

Dokumintêremakker Thom Verheul siket syn kornuten, eks-collega’s en âld-steatssekretaris Wim Meijer op. Oan de hân fan harren ferhalen sketst hy in portret fan Jan en de skiednis fan ien fan de grutste lobbyklups fan Nederlân. Abrahamse ferstoar yn 2013. Freonen fan Jan hawwe foarige moanne op Skiermûnteach in monumintsje foar him oprjochte. Yn in tocht oer it waad waard it slútstik fan it keunstwurk nei it eilân oerdroegen.

Fryslân DOK: In monumintsje foar Jan Abrahamse
Snein 22 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 21 novimber om 16.04 oere en snein 22 novimber om 12.55 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)