Fryslân DOK fan 22 jannewaris 2013

Krante te keap

De Ljouwerter krante stiet yn de ferkeap. Troch ferkeard útpakte ynvestearrings is it memmebedriuw NDC media yn swiere finansjele problemen kaam. De Ljouwerter Krante driget meislepe te wurden yn de ellinde. Fiif jier finansjele krisis bringt de Ljouwerter Krante oan de râne fan it fallisemint. Besluten oer de krante wurde net mear yn Ljouwert naam, mar oan de Súd-as fan Amsterdam. De ING bank is no de baas.

De lêste berjochten binne dat de NDC mediagroep, útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden, ferkocht wurdt oan in konsortium mei dêryn stichting Je Maintiendrai, de stichting Fryslân Boppe en ING Investment. De partijen dy't mekoar no fûn hawwe, prate de kommende wiken eksklusyf fierder oer de krekte ynfolling fan de ferkeap. Dy petearen moatte op 3 febrewaris ôfrûne wêze. As it dan noch net rûn is, komme oare partijen mooglik wer yn byld. Mar dy binne der net safolle. Je Maintiendrai is no al grutoandielhâlder fan it bedriuw en de ING is de húsbankier.

Yn Fryslân DOK wurdt de fraach behannele hokker krêften de Ljouwerter Krante, ikoan fan Fryslân, yn krap tsien jier nei de râne fan de ôfgrûn brocht hawwe.

Tiisdei 22 jannewaris 2013 om 17:10 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 26 jannewaris 2013 om 10:30 oere en snein 27 jannewaris 2013 om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)