Fryslân DOK fan 21 febrewaris 2016 17:00

Reade Skries

De komposysje ‘Reade Skries’ ûntstie yn 2007 yn Mauritaanje. Komponist Sytze Pruiksma en trekfûgel ekolooch Theunis Piersma troffen in sike reade skries oan dy’t net mear drinke woe. Doe’t Pruiksma in deuntsje spile op in lyts tommeharpke, in kalimba, gong de fûgel drinke. Ut dat deuntsje ûntstie in komposysje dy’t ein jannewaris útfierd is troch njoggen harmony-orkesten en brassbands út it Fryske Opsterlân: Birds & Brass.

Der wurdt flink besunige op muzykûnderwiis op de skoallen en de ynstream fan jonge muzikanten nimt dan ek sterk ôf. De Federatie van Opsterlandse Muziekverenigingen (FOM) wie sykjende nei in projekt om oandacht te freegjen foar de HaFaBra-kultuer dy’t sterk wurden is yn Fryslân. Sa krusige Sytze Pruiksma harren paad, ek op syk nei yn pilot foar syn ‘Birds & Brass’ projekt.

Pruiksma makke him soargen oer de ferskraling fan it Fryske lânskip troch de yntinsive greidbuorkerij. Hy sjocht dat de skries, in typyske boerelânfûgel, it hiel dreech hat. Tweintich jier lyn brieden der yn Súdwest Fryslân noch sa’n 120 tûzen pearkes. No is dat sakke nei ûnder de 20 tûzen. Ferlies fan fûgels betsjut ferlies fan kultuer. Want wat binne wy sûnder fûgellûden yn in blomryk lânskip. Is der in relaasje tusken de ferskraling fan it kultuerlânskip en de muzykkultuer?

Birds & Brass is in ûnderdiel fan it projekt ‘Kening fan ‘e Greide’. Boeren, wittenskippers en keunstners geane hjiryn de ferskraling fan it lân tsjin mei as doel it werombringen fan de skries. ‘Kening fan ‘e Greide’ is ûnderdiel fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Fryslân DOK: Reade Skries
Snein 21 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 20 febrewaris om 15.30 oere en snein 21 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)